Klún & Knoffelhakke – Kommersjeel 2.0

1 maart, 2025 | 20:15
Loading Events

Klún en Knoffelhakke geane kommersjeel
Hjitte Koop en Johny
echte juppen op’t toaneel
Earrekrûper Dikke Wille
ha wy no
Wurdt in grut spektakel
en in kommersjele sjo!

Boppesteande rigels sjonge Klún & Knoffelhakke yn it iepeningsnûmer fan harren spesjale projekt ‘Kommersjeel 2.0’. It duo, no op de planken as Koop Krûper en Johny Ear, hat in koffer fol jild. Koop en Johny witte der wol rie mei, jild moat rôlje, dat de twa mannen sette útein mei in hiele nije organisaasje, passend yn dizze tiid. Se begjinne in nije kommersjele omrop & streamingstsjinst: Earrekrûper Dikke Wille bv. as koartsein: K&K.

Mar it docht bliken dat it net sûnder tûkelteammen giet. It falt net ta, in kommersjele stjoerder yn’e loft te hâlden.
Hoe’t it krekt ôfrint mei K&K kinne wy fansels net sizze, dat moatte de taskôgers sels mar meimeitsje by dizze bysûndere útfiering fan ‘Kommersjeel 2.0’!

TICKETS ALLEEN ONLINE VERKRIJGBAAR

Details

Date:
1 maart, 2025
Time:
20:15